Fjochterij by Cambuur-RKC

© Omrop Fryslân
De oefenwedstryd tusken Cambuur en RKC Waalwijk yn Frentsjer is útrûn op in fjochtpartij. Nei 20 minuten giene RKC'er Van den Bergh en Cambuurspilers Van Rooijen en Hooijboer mei inoar op 'e fûst.
In diel fan it Cambuurpublyk hie it al in skoft mei sprekkoaren op Van den Bergh foarsjoen. In tal supporters gie it fjild op nei de fjochtpartij tusken de spilers, wêrnei't skiedsrjochter Steegstra it duel staakte.