Groei seehûnen giet stadich

02 aug 2006 - 10:48

It tal seehûnen yn 'e Waadsee groeit kwalik. Dat docht bliken út tellings fan de seehûnekresj Pieterburen. Der libje no goed 2800 seehûnen yn it Waadgebiet. Yn 2002 wiene dat er troch sykte noch mar 1200. It herstel fan die epidemy giet lykwols folle stadiger as oant no ta tocht waard.

It ofrûne jier binne der mar 50 nije seehûnen berne. In ferklearring foar de efterbliuwende groei is der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)