Dieder sedesaak noch net fûn

01 aug 2006 - 15:59

It ûndersyk nei de ferkrêftingssaak op it piratefeest tusken Surhústerfean en it Grinzer Mearum giet noch altyd troch. In famke (17) soe dêr ein april op it feestterrein seksueel misbrûkt wêze. Koartlyn is noch in mooglike tsjûge fan it sededelikt heard.

Neffens de plysje Grinslân moat der noch in oantal tips neilutsen wurde. In eventuele dieder is noch net yn byld. De plysje kin net sizze hoe't it op it stuit mei it slachtoffer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)