Stânbyld foar Duisenberg

01 aug 2006 - 13:52

Fan dizze hjerst ôf stiet der in stânbyld fan Wim Duisenberg op it Hearrenfean. Duisenberg waard op 9 juli 1935 berne op it Hearrenfean. Hy waard foaral bekend as presidint fan de Europeeske Sintrale Bank. Ek hat er minister fan finânsjes west, fan 1973 oant 1977.

Keunstner Frans Ram is sûnt ferline wike dwaande mei stúdzjes foar in byld fan Duisenberg. Neffens Ram is it net maklik om in byld fan him te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)