'Nije wurdlisten gjin probleem'

© Omrop Fryslân
It nije Griene Boekje en it Wite Boekje smite foar útjouwers net in soad swierrichheden op. Dat is de miening fan útjouwer Dingeman van Wijnen fan Frjentsjer. Hy jout boeken út oer skiednis en religy, en werprintingen fan âlde boeken. It wichtichste is foar him dat syn boeken konsekwint stavere binne.
It nije Griene Boekje wurdt tiisdei offisjeel ynfierd foar it ûnderwiis en de oerheid.