Soad deade brúnfisken

01 aug 2006 - 10:22

It tal brúnfisken dat oanspielt op it strân, komt dit jier wol op 500. Dat is in ferdûbeling yn fergelyk mei ferline jier. De populaasje yn it Nederlânsk kustwetter nimt alle jierren mei 41 prosint ta.

Yn de jierren santich wie de brúnfisk sawat útstoarn. Dat der no sa'n soad binne, wol net sizze dat it goed giet. Want dat de fisk syn heil hjir siket, komt omdat der yn it noarden fan de Noardsee net genôch iten is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)