Akkoart oer skoalle Wommels

31 jul 2006 - 17:06

De bestjoeren fan de twa basisskoallen en oare foarsjennings yn Wommels binne it iens oer har plak yn in nije brede skoalle. De stjoergroep dy't de bou begeliedt, is akkoart mei it ûntwerp fan it nije gebou.

Under komme de lokalen foar de ûnderbou, mar ek it konsultaasjeburo, it muzyklokaal en de gymnastykseal. Op de earste ferdjipping komme de boppebou en de mediateek. Op it plak fan de âlde skoallen komme nije huzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)