Rúzje fanwege stellen 'wuppie'

31 jul 2006 - 13:58

Nei it stellen fan in 'wuppie' is yn Hylpen in rúzje tusken twa buorlju út de hân rûn. De beide famyljes hiene al folle langer spul mei inoar, mar de plysje hoechde der noch net earder oan te pas te kommen.

It stellen fan de 'WK-wuppie' fan it dak wie foar de eigner lykwols oanlieding om oanjefte te dwaan. Nei alle gedachten hat in freon fan de buorlju de wuppie fan it dak ôfhelle. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)