Dronken Lemster oanhâlden
In 31-jierrige ynwenner fan De Lemmer is snein oanhâlden foar iepenbiere dronkenens. De man hie yn in kroech oan de Aldslús op De Lemmer foar in soad oerlêst soarge.
Sa hie er in gokautomaat útskeakele en wie er it frouljushúske yn gien. Ek woe de man in fjochtpartij begjinne, mar dat koe de plysje foarkomme.