Fytser yn sleat yn Nijemardum

30 jul 2006 - 17:28

De plysje is op syk nei mooglike tsjûgen fan in ûngemak oan de Hege Bouwen yn Nijemardum op sneintemoarn. In 54-jierrige fytser rekke dêr fan 'e dyk om't hy nei eigen sizzen oan de kant moast foar in auto.

Hy kaam dêrby yn de sleat telâne en koe der net mear op eigen kracht útkomme. Oare fytsers warskôgen de helptsjinsten en dy ha de man úteinlik wer op de kant holpen. Hy moast mei longklachten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)