Mishanneling De Jouwer en Makkum

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn in 28-jierrige ynwenner fan De Jouwer oanhâlden foar mishanneling. Hy soe yn in kroech in 19-jierrige plakgenoat op it each slein ha. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne. Wêr't de rúzje oer gie, is net dúdlik.
En yn Makkum binne twa minsken oanhâlden foar it slaan fan in Amsterdammer (34). De beide manlju fan 19 en 21 jier soene it slachtoffer yn it gesicht slein ha.