Net mear spylje op fuotbalfjild

30 jul 2006 - 14:07

De fuotbalfjilden yn de gemeente Dantumadiel meie de kommende wiken net brûkt wurde. Dat hat de gemeente besletten. De maatregel wurdt naam fanwege de oanhâldende droechte. At der op spile wurdt, wurde de fjilden te bot fernield. Soks kin ek net ferholpen wurde as der sproeid wurdt.

De maatregel jildt sawol foar de wedstrydfjilden as de treningsfjilden. Dy bliuwe ticht oant 21 augustus, hat de gemeente Dantumadiel bepaald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)