Wetteroerlêst troch swiere buien

© Omrop Fryslân
De hurde rein hat yn Snits foar oerlêst soarge op de rûnwei by de fytstunnel ûnder de dyk troch yn de rjochting Drylts. It wetter soarge derfoar dat sân en drek fan de wurksumheden oan it akwadukt yn it tunneltsje telâne kaam. Ek stie der in laach wetter yn de tunnel. De brânwacht moast der oan te pas komme om it tunneltsje wer leech te krijen.
Yn Ljouwert hat de brânwacht in kelder yn Suderbuorren leechpompt.