Foar 1500 euro make-up stellen

© Omrop Fryslân
In ûnbekende frou hat tongersdei foar goed 1500 euro oan kosmetika stellen by in winkel oan de Leeuwerikstrjitte op De Westerein.
De meiwurker fan de winkel waard oan de praat hâlden troch in ûnbekende man sadat se de winkel net yn de gaten hâlde koe. Yntusken helle de frou ûnder oaren lippestift, foundation en maskara út de skappen en naaide út. De plysje stelt in ûndersyk yn.