Warkumer fernielt plysjeauto

30 jul 2006 - 09:12

In 26-jierige ynwenner fan Warkum is sneontemoarn oanhâlden yn Snits nei it fernielen fan in plysjeauto. De man wie slim dronken doe't in plysjeauto foarby kaam. De dronken man luts de doar fan de auto iepen en kaam derby te fallen tsjin de auto oan. Hy waard lilk en skopte in pear kear tsjin de auto oan.

Freonen fan de man besochten in arrestaasje foar te kommen, mar de man is dochs meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)