Tinkstien militêren op 'e Jouwer

30 jul 2006 - 09:12

Op De Jouwer komt in tinkstien foar seis militêren út Skarsterlân dy't sneuvele binne yn it eardere Nederlânsk-Yndië. Op de stien stiet ek de namme fan in militêr dy't nei syn tsjinsttiid nei Korea gie en dêr sneuvele is yn de oarloch dêr. Oant no wie der foar har gjin monumint.

De stichting Militairen-Veteranen Skarsterlân hat derfoar soarge dat de stien der kaam. De tinkstien komt by de Jouster toer yn de Midstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)