Fean krijt jild út transfer

29 jul 2006 - 16:40

De transfer fan Ruud van Nistelrooij nei Real Madrid smyt ek Sportklub Hearrenfean foardiel op. De 30-jierrige âld-fuotballer fan It Fean wurdt troch syn hjoeddeikse club Manchester United foar goed 15 miljoen euro ferkocht oan Real. Fan dat bedrach giet in part noch nei de clubs dêr't Van Nistelrooij earder spile hat.

Hearrenfean krijt 75.000 euro. Grutste winner is de club dêr't de fuotballer begûn: FC Den Bosch mei 400.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)