Hôf yn Ljouwert op streek

© Omrop Fryslân
It Gerjochtshôf yn Ljouwert hat yn 2005 in goed jier draaid. Alle saken fan it Amsterdamse pakket binne ôfhannele en ek de saken fan it pakket fan Swolle wurde in heech tempo ferwurke. Dat stiet yn it jierferslach.
Takom jier komme der yn Ljouwert fjouwer arbeidsplakken by. Dy binne nedich om it wurk fan it Hôf yn Arnhim klear te krijen. It Hôf kaam noch wol negatyf yn it nijs doe't in rjochter feroardield waard foar mishanneling.