Botsing yn Sint Anne

29 jul 2006 - 14:24

In frou fan 22 út Harns is freed yn Sint Anne ferwûne rekke by in oanriding. De frou joech op in krúspunt gjin foarrang oan de bestjoerder fan in oare auto. In botsing wie it gefolch, wêrby't de frou út Harns ferwûne rekke.

It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De oare autobestjoerder, út Blije, kaam mei de skrik frij. Beide auto's rekken folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)