Zuurman nei De Jouwer

29 jul 2006 - 11:16

Bert Zuurman spilet it kommend seizoen foar sneinshaadklasser De Jouwer. De 33-jierrige spits krige by earste divyzjeclub TOP Oss gjin kontrakt- ferlinging mear.

Bert Zuurman hat by tal fan clubs yn it betelle fuotbal spile. Hy wie ûnder oaren aktyf foar FC Grins, Hearrenfean, Veendam en Heracles. Ferline jier spile hy foar TOP Oss, mar no't dy net fierder wol mei Zuurman, hat er keazen foar De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)