Kantoarhannel Hilarius fallyt
It is dien mei de hast 160 jier âlde kantoarhannel Hilarius yn Ljouwert. Eigner Pieter Hilarius hat sels it fallissemint oanfrege. It bedriuw hie te folle lêst fan goedkeape ynternetkantoarhannels en priisfjochters.
Der binne gjin oernamekandidaten. Op it stuit fan it fallissemint wurke der noch ien persoan by Hilarius.