'Imago SKS moat profesjoneler'

© Omrop Fryslân
It SKS-skûtsjesilen moat in profesjoneler útstrieling krije. It is dêrom goed dat de lotting yn Grou ferpleatst is nei in grutter ûnderkommen. Dat seit de hoareka yn it doarp. Foar it earst it dit jier kafee De Bierhalle net de lokaasje foar de lotting.
Der stiet no in grutte tinte op it Halbertsmaplein, midden yn it sintrum. Der wurde dit jier mear minsken ferwachte by de lotting.