Perreiro Sio net by Profronde

29 jul 2006 - 10:36

Oscar Perreiro Sio út Spanje docht tiisdei net mei oan de Profronde fan Surhústerfean. De nûmer twa krijt fan syn ploech gjin tastimming om nei Nederlân ôf te reizgjen. De organisaasje hie earder al persoanlik mei Perreiro Sio in oerienkomst makke.

Nei alle gedachten mei Perreiro Sio net komme om't syn ploechlieding him yn de leite hâlde wol, no't Tourwinner Floyd Landis op doping betrape is. Syn ferfanger is Australiër Robbie McEwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)