Stekpartij yn Ljouwert

28 jul 2006 - 17:04

In 19-jierrige jonge út Ljouwert hat freedtemoarn betiid in 23-jierrige plakgenoat in pear kear mei in mes stutsen. De fertochte hie yn in wenning oan de Verstolkstrjitte spul krigen mei it slachtoffer.

De jonge pakte ynienen in mes en stuts dêrmei in pear kear op it slachtoffer yn. It slachtoffer hie ferskate ferwûnings en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat de 19-jierrige Ljouwerter oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)