Burgum grienste doarp?

© Omrop Fryslân
Burgum is yn de race om de titel 'Grienste doarp fan Nederlân', oftewol de Entente Florale. Dizze wedstriid wurdt alle jierren organisearre en de winner docht dan mei yn de Europeeske kompetysje.
De sjuery besjocht hoe't de gemeente it grienbelied foarmjout. Freed is de sjuery yn Burgum en gean se mei it gemeentebestjoer de gemeente troch. Se wurde bypraat troch Steatsboskbehear oer bysûnderheden yn it lânskip.