Cambuur wint mei 6-0

28 jul 2006 - 12:25

Fuotbalklub Cambuur hat tongersdeitejûn mei 6-0 wûn fan de Veluwe-seleksje. By it skoft wie de stân 3-0 troch in goal fan Martijn Roosenburg en twa goals fan Jeroen Ketting.

Ynfaller Stegeman makke yn de twadde helte ek twa goals, wêrnei't Arjen Postma der 6-0 fan makke. It trainingskamp fan Cambuur yn Garderen sit der no op. Tiisdeitejûn oefenet Cambuur tsjin RKC Waalwijk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)