Elma de Vries wint brûns op EK

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan De Haule is tredde wurden op de 500 meter by it EK skeelerjen op 'e baan. It is foar Nederlân de earste medalje op dit Europeesk kampioenskip, dat ferriden wurdt yn it Italiaanske Cassano d'Adda.
De Vries moast allinnich de Italiaanske Nicoletta Falcone en de Spaanske Sheila Posada foar gean litte. Earder dizze wike waard De Vries fyfde op de 1000 meter.