Drachtster pakt yn Moldavië

© Omrop Fryslân
De plysje yn Moldavië hat in 37-jierrige Drachtster oanhâlden yn ferbân mei in Nederlânsk drugs-ûndersyk. De man wurdt fertocht fan it leverjen fan grûnstoffen foar XTC.
Justysje tinkt dat de Drachtster de spullen levere hat oan twa mannen dy't ferline wike yn Drinte oanhâlden binne. It Iepenbier Ministearje hat Moldavië frege om útlevering fan de fertochte Drachtster.