Iensidich ûngemak by Drachten

© Omrop Fryslân
By in iensidich ûngemak op de Suderskarren by Drachten binne freedtemoarn betiid trije minsken ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke in 25-jierrige bestjoerder út Koartehimmen fan de dyk.
Hy rekke yn in slip en kaam tsjin in beam ta stilstân. De man en twa ynsittenden binne troch de brânwacht út de auto helle. Se binne oerbrocht nei it sikehûs.