Oanriding by Berltsum

© Omrop Fryslân
By in oanriding op de Gernierswei by Berltsum binne tongersdei trije minsken ferwûne rekke. In 40-jierrige automobilist fan Aldebiltsyl ferliende gjin foarrang oan in man út Berltsum.
De beide autobestjoerders koene sels út de auto komme. In passazjier dy't yn de auto fan de bestjoerder út Aldebiltsyl siet, moast troch de brânwacht út de auto befrijd wurde. De man is mei ferwûnings oan 'e holle oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.