Untslaggen by Tonerfill bv

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter bedriuw Tonerfill bv set hast in tredde fan syn personiel op strjitte. Der wurkje 150 minsken by it bedriuw, dat âlde inktpatroanen út printers skjinmakket en wer fult. De ûntslaggen binne nedich, om't de konkurrinsje bot tanommen is.
It personiel seach de reorganisaasje oankommen. De direksje fan Tonerfill bv hie al oanjûn dat it bedriuw yn swier waar sit. Guon wurknimmers hiene sels mear ûntslaggen ferwachte.