Famke út Jistrum wer terjochte

28 jul 2006 - 08:24

It 16-jierrige famke Naomi Nijboer út Jistrum is wer terjochte. Earder dizze wike wie it famke spoarleas ferdwûn út de jeugdynrjochting Het Poortje yn Grins. It famke wie net thús kaam. No hat bliken dien dat se mei har freon op in kamping yn Itaalje siet.

De Italiaanske plysje is ynskeakele en dy hat it paspoart fan it famke yn beslach nommen. De âlden út Jistrum binne nei Itaalje riden om har op te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)