1,4 miljoen oan bystânsfraude

© Omrop Fryslân
De Sosjale Resjerzje Fryslân hat foar 1,4 miljoen euro oan bystânsfraude yn de provinsje opspoard. Dat docht bliken út it ferslach oer 2005. It bedrach is ûngefear gelyk oan dat fan 2004. De fraude bestiet út swart wurk en minsken dy't byinoar wenje en dat net melden ha by de sosjale tsjinst.
Mei elkoar giet it om 63 fraude-gefallen. De gemeente Ljouwert hat mei 269 tûzen euro it heechste fraudebedrach fan Fryslân.