Fryske ferzje fan de Tom Tom

27 jul 2006 - 17:11

Fryske autobestjoerders kinne har tenei it paad wize litte troch Romke en Richtsje. Dizze twa nammen wurde brûkt foar de manlike en de froulike stim dy't oanwizings jouwe by de Fryske ferzje fan de Tom Tom navigaasje.

De nammen binne keazen nei in oprop yn de media fan kommissaris fan de keninginne Nijpels. De ynstjoerders binne tongersdeitemiddei huldige yn it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)