Natoerbrân yn Jan Durkspolder

© Omrop Fryslân
By in brân yn de Jan Durkspolder by Aldegea (Sml.) is woansdei twa bunder natoerterrein ferlern gien. De brân ûntstie om in oer as fjouwer en soarge foar in soad reekûntwikkeling.
De brânwacht fan Burgum en Drachten hawwe it fjoer blust. Natoerbehearder Nico Minnema fan it Fryske Gea tinkt dat de brân oanstutsen is. De skea oan de flora en fauna yn it gebiet is neffens Minnema net hiel grut.