Oanlis fiver Schatzenburg stop

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in swimfiver fan rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam is stillein troch Wetterskip Fryslân. Eigner fan Booma fan Schatzenburg is dwaande mei it leechpompen fan de swimfiver, omdat hy in strân oanlizze wol. Foar 2 euro kinne minsken dêr dan swimme.
It wetter út de fiver is lykwols te sâlt. Neffens it wetterskip moat der in aparte fergunning foar oanfrege wurde. Dat duorret sawat twa moannen.