Hannes Scherjon keningsljepper

© Omrop Fryslân
Hannes Scherjon wûn woansdeitejûn it Keningsljeppen yn Burgum. Mei in sprong fan 18 meter en 83 sentimeter bleau de junior fan Noardburgum alle topklassers foar. It Keningsljeppen waard yn de 50- en 60er jierren faak dien. Yn it jubileumjier fan it Frysk Ljeppers Bûn in moaie gelegenheid om it wer ris fan stâl te heljen.
By de jonges waard Alwin Fonk de prins mei in machtich persoanlik rekord fan 17 meter en 48 sentimeter. Janneke Noordmans waard keninginne mei 14.10 m.