Frou mishannele yn tinte
In frou fan 53 jier út Boalsert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei by har hûs mishannele troch twa minsken. De frou lei yn ferbân mei de waarmte te sliepen yn in tintsje by har hûs. Se waard wekker fan it blaffen fan har hûn en soe op ûndersyk út.
Doe't se har holle bûten de tinte stuts, krige se samar klappen fan twa ûnbekinde minsken. Dy naaiden dêrnei hurd út. De frou hie ferwûnings oan 'e holle en is oerbrocht nei it sikehûs.