Thúswedstriid Hearrenfean earder

27 jul 2006 - 09:00

De earste thúswedstriid fan Sportklub Hearrenfean tsjin Willem II út Tilburg begjint in heal oere earder. Der wurdt op 26 augustus dus net om 19.30 ôftrape mar om 19.00 oere.

Dat hat te krijen mei de ferbouwings fan it Abe Lenstra-stadion. Dêrtroch is ien fan de ljochtmêsten dy dei noch net te brûken. Om foar te kommen dat it te tsjuster wurdt om te spyljen, wurdt der earder begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)