Soarchynstellings ûnder 1 flagge

© Omrop Fryslân
Fjouwer soarchorganisaasjes geane tenei ûnder ien flagge fierder. It giet om sikehûs Talma Sionsberg en syn twa ferpleechhûzen, mei de Stichting Bejaardenverzorging Ameland, Soarchsintra Dongeradiel en Talma Hoeve yn Feanwâlden. De ynstellings wolle mear ynspylje op wêr't har kliïnten ferlet fan hawwe.
De oerkoepeljende organisaasje komt Pasana te hjitten, nei in rivier dy't eartiids yn de regio streamd hat.