Net sels gemeentegrien snoeie

© Omrop Fryslân
De gemeente Menameradiel wol dat minsken fan de gemeentlike perken en beammen ôfbliuwe. It gebeurt de lêste tiid hieltyd faker dat minsken eigenmachtich stikken fan in beam ôfseagje of beamkegrien snoeie, omdat se der lêst fan ha. It is net de bedoeling dat minsken it rjocht yn eigen hân nimme, seit de gemeente.
Menameradiel sil der fan no ôf stranger op tasjen. Wa't yn de fout giet, moat de skea fergoedzje.