Oar plak foar 2500 NHL-studinten

© Omrop Fryslân
De Noardelike Hegeskoalle yn Ljouwert, de NHL, siket ferfangende klaslokalen en wurkromtes foar mar leafst 2500 studinten dy't no yn de Bouhof oan de Rengersdleane sitte.
Oer fiif moannen moat de Bouhof leech wêze, omdat der dan in grut stik omhinne boud wurdt. De skoalle wurdt útwreide, omdat de twadde festiging oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert ticht giet. Oan de Rengersleane wurdt drok wurke oan de kenniskampus.