Ekstra ûndersyk grûndelgong

26 jul 2006 - 10:16

Der komt in ekstra ûndersyk nei grûndelgong yn it noardwesten fan Fryslân. Yn it sâltwinningsgebiet Barradiel gie de grûn yn 2005 oardel sintimeter fierder nei ûnderen as tocht. Om út te finen wêrtroch dat feroarsake is, lit it Staatstoezicht op de Mijnen ekstra ûndersyk dwaan.

Dat bart net allinnich yn Barradiel. Der wurde dan ek mjittings dien yn it gaswinningsgebiet by Harns en Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)