Minder dielnimmers Snitswike

26 jul 2006 - 09:42

De Snitswike hat dizze kear flink minder dielnimmers as ferline jier. Der binne no goed 700 silers ynskreaun. Ferline jier wiene dat noch sawat 900.

De Snitswike hat te lijen fan ynternasjonale konkurrinsje. Fierder falt de Snitswike midden yn de fakansje en neffens de organisaasje bliuwe minsken der net foar thús. Foaral yn de Splash-klasse binne der minder dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)