Imam moat werom nei Turkije

© Omrop Fryslân
De Turkse mienskip yn Ljouwert moat op syk nei in nije imam. De imam dy't no yn de moskee oan it Ljouwerter Vliet wurket, moat oer in pear wike werom nei Turkije om't syn tydlike ferbliuwsfergunning ôfrûn is. Dat wie foar syn oanstelling al de bedoeling, en soe neat te krijen hawwe mei it feit dat hy gjin ferplichte ynboargeringskursus dien hat.
Yn Ljouwert hoopje se no op in imam dy't al yn Nederlân wennet en wurket.