Klachten oer fytspaden Ljouwert

25 jul 2006 - 17:39

Ljouwert is koprinner yn Fryslân as it giet om klachten fan fytsers. Yn ferbân mei it 30-jierrich jubileum hat de Fietsersbond in spesjaal meldpunt ynsteld, dêr't klachten yntsjinne wurde kinne.

Oer de tastân fan de fytspaden skoart Ljouwert mei 33 klachten as heechste Fryske gemeente. It giet dan om lossittende tegels en beamwoartels dy't foar gefaarlike sitewaasjes soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)