Stookplak Spoekeplas ek ferbean

© Omrop Fryslân
It stookplak by de Spoekeplas by Noardwâlde mei sûnt tiisdei net brûkt wurde. Earder waard yn Weststellingwerf al in smook- en stookferbod ôfkundige fanwege de droechte. Oant no ta hearde it stookplak by de Spoekeplas dêr net by.
De gemeente fynt it no toch te gefaarlik om iepen fjoer op dat plak ta te stean. Der is in boerd delsetten. De plysje en Staatsbosbeheer sille kontrolearje.