Plysje ûntslein fanwege seksmail

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige administratyf meiwurker fan de plysje wurdt ûntslein. De man foel froulike kollega's lestich, ûnder oare fia seksueel tinte emails. De man wie in pear jier lyn al warskôge, dat wie doe foar in oarsoartige situaasje.
Sjoen de earnst fan de saak hat de korpsbehearder besletten de man te ûntslaan. Justysje besjucht noch oft de man ek ferfolge wurde moat.