Wer spesjale bussen nei PC

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva set nije wike woansdei spesjale bussen yn om minsken nei it Sjûkelân yn Frjentsjer te bringen, fanwege de PC.
It is foar it alfde jier achter elkoar dat it busbedriuw dat docht. Minsken kinne fanút 32 plakken yn Fryslân op de spesjale bussen stappe. Se kinne jûns nei it keatsevenemint ek wer mei dy bussen werom. Retourkaartsjes binne te keap by de sjauffeur.