Koperdieven stelle reinpipen

25 jul 2006 - 15:46

Yn Frjentsjer en omkriten binne koperdieven aktyf. Oan it metaal is op it stuit min te kommen en de koperpriis hat mei in goeie 4 euro de kilo noch nea sa heech wêst.

By de herfoarme tsjerke yn Achlum binne 4 reinpipen en in ynstallaasje fan it gebou ôfhelle. Der is foar 300 euro skea. De dieven hawwe ek yn Harns, Wytmarsum en Arum taslein. By in skoalle yn Frjentsjer waard foar 500 euro koper út de nijbou helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)